Wâldwei woansdeitejûn stremd

11 feb 2004 - 00:00

De Wâldwei is woansdei fan 19.00 oere ôf yn beide rjochtingen ticht foar alle ferkear. It giet om it stik fan de N31 tusken Nyegeasterhoeke en Hemriksein. Rykswettersteat wurket oan de Fonejachtbrêge. Troch in steuring kin de brêge net betsjinne wurde.

Auto's nei Ljouwert wurde fia Burgum omlaat. Auto's nei Drachten moatte oer Hearrenfean ride. De ferwachting is dat de brêge tongersdeitemoarn wer klear is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)