Drenth Verven nei Marrum
Fervefabryk Drenth Verven yn Winschoten ferpleatst de produksje nei de Nelf-Koopmansfabryk yn Marrum. De festiging yn Winschoten foldocht net mear oan de moderne miljeu-easken, wylst dat yn Marrum wol it gefal is.
Yn Marrum stiet in hiele moderne produksjelokaasje. No't alles ûnder ien dak komt, betsjut dat in grutte efficiencywinst foar Nelf-Koopmans. By it Grinzer bedriuw moatte der wol 15 minsken út.
Trefwurden:
argyf