Accell wol Juncker oernimme

© Omrop Fryslân
Fytsefabryk Accell fan It Hearrenfean wol Juncker út Veenendaal oernimme. Juncker is in hannelsûndernimming yn fytsûnderdielen. It bedriuw yn Veenendaal leveret oan alle fytsesaken yn Nederlân en beskikt dêrmei oer in wiidweidich netwurk.
By Juncker wurkje no sa'n 40 minsken. Yn 2003 boekte it bedriuw in omset fan 13 miljoen euro. De oernamepriis is net bekend makke. Oant no ta hat Accell allinnich mar fytsefabriken oernaam.