Togtema yn advyskommisje Wetter

© Omrop Fryslân
Everhard Togtema fan Drachten sil diel útmeitsje fan de nije advyskommisje Wetter. Togtema hat krekt ôfskied naam as dykgraaf fan it Wetterskip Fryslân. Foar de nije funksje is er frege troch steatssekretaris Melanie Schultz van Haegen.
Kroanprins Willem-Alexander sil foarsitter wurde fan de nije kommisje. Yn totaal sille seis minsken in sit krije yn de kommisje. Sy sille seis kear yn it jier by inoar komme.