'Noch dit jier bou Bullepolder'

11 feb 2004 - 00:00

De gemeente Ljouwert giet derfan út dat noch dit jier begûn wurdt mei de bou fan 120 filla's yn de Bullepolder by Ljouwert. Ek út de lêste ûndersiken komt nei foarren dat de guozze- en smjuntestân net lije sil ûnder de bou.

Dy nije ûndersiken wiene nedich om't der argewaasje ûntstien wie oer de krektens fan eardere rapporten. Mar ek nei korreksje fan de flaters troch ûndersyksburo Alterra blykt dat der genôch rûmte oerbliuwt foar de fûgels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)