Straub: maiden speech noch hâlde

© Omrop Fryslân
Piet Straub hat nei goed in jier noch nea in taspraak hâlden yn de grutte seal fan de Twadde Keamer. It PvdA-lid moat syn 'maiden speech' noch hâlde.
Neist it Fryske Keamerlid Straub binne der noch sân nije keamerleden dy't al tiden wachtsje op har earste iepenbiere optreden. It binne allegear leden fan PvdA, CDA en VVD. De Volkskrant konkludearret dêrút dat it yn grutte fraksjes dreech is om dy sels te oppenearjen.