Droes by stoeterij De Jouwer?

10 feb 2004 - 00:00

Stoeterij Bommelsteyn op De Jouwer is al in wike sletten fanwegen in mooglik gefal fan droes, in besmetlike sykte ûnder hynders. De gefolgen foar hynders bliuwe meastentiids wol beheind.

De dei foar't de fertinking by ien hynder ûntstie, waard noch in hynst nei it sintraal ûndersyk yn Drachten brocht. Dêr stiet it no yn karantêne. Eigner Van der Meulen, dy't ek foarsitter fan it Frysk Hynstestamboek is, tinkt net dat it om droes giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)