Stipe foar suveringsynstallaasje

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân stipet de oanlis fan suveringsynstallaasjes by huzen yn bûtengebieten. Dy 13.000 wenningen meie fan takom jier ôf har ôffalwetter net mear op bûtenwetter rinne litte.
In suveringsynstallaasje kostet 5000 à 7000 euro. Guon gemeenten betelje dat sels. Oaren fine dat húseigners dat dwaan moatte. It Wetterskip wol dy minsken temjitte komme mei 1000 euro subsydzje foar de oanlis fan in ynstallaasje dy't wetter skjinmakket.