VVD wol sjitkamp iepen hâlde

10 feb 2004 - 00:00

De gemeente Flylân moat mear belutsen wurde by it plan om it sjitkamp te sluten. Dat fynt de VVD op it eilân. It kabinet kundige de sluting oan; 35 minsken ferlieze har baan. Dat is in grutte oanslach op de wurkgelegenheid op it eilân.

De VVD freget oare politike partijen om stipe foar syn stânpunt. As dy stipe der komt, giet der in brief nei it Ministearje fan Definsje. Dêryn wurdt ek frege it sjitkamp iepen te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)