Boek Lida Dykstra yn Amearika

10 feb 2004 - 00:00

It printeboek Mûske myn famke fan Lida Dykstra is yn Ingelske oersetting yn Amearika ferskynd. It boek Little Mouse mei tekeningen fan Piet Grobler is útjûn troch útjouwerij Front Street.

It boek wie ferline jier it Fryske aksjeboek foar bern yn de berneboekewike. It is ek al yn it Nederlânsk, Italjaansk en Afrikaansk oerset. Ein 2003 is it boek yn Súd- Afrika bekroand mei de Vivian Wilkes Award foar yllustratoaren.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)