Krappe winst foar Jong Cambuur

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandei mei 1-2 wûn fan it belofteteam fan AGOVV. It is de earste oerwinning fan trainer Johan Groote nei de winsterstop. De Ljouwerters seagen al gau tsjin in achterstân oan. Arnold Herder makke de gelykmakker.
Nei it skoft krige Cambuur mear grip op de ploech út Apeldoorn. Rocky Siberie makke noch in doelpunt. Kommende moandei is de thúswedstriid tsjin Jong Go Ahead Eagles.