Eneco-toer begjint yn Boalsert

© Omrop Fryslân
De 44ste Eneco-toer begjint dit jier yn Boalsert. Ek yn 2000 wie de Hanzestêd it begjinpunt fan de Ronde fan Nederlân. De toer is de iennige etappewedstriid foar prof-hurdfytsers. Op 25 augustus sette de hurdfytsers ôf by it busstasjon yn Boalsert. Se ride twa kear in rûntsje Boalsert en fytse dan rjochting Snits.
Boalsert is in echte fyts-stêd. Ek de fytsalvestêdetocht dy't tradisjoneel mei Pinkster riden wurdt, begjint dêr.