Fryske Literatuer yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
Foar de twadde kear wurdt yn Amsterdam in Dei fan de Fryske Literatuer hâlden. Fryske dichters as Wilco Berga, Tsead Bruinja, Josse de Haan en Albertina Soepboer drage snein 29 febrewaris foar. Ek wurdt praat oer de Fryske kultuer en sjongt Nynke Laverman yn it Frysk oersette teksten fan Slauerhoff.
De earste Dei fan de Fryske Literatuer waard twa jier lyn organisearre. It is in inisjatyf fan it Nederlands Literair Productie- en Vertalingsfonds.