Gjin tafersjoch yn Schepenbuert

10 feb 2004 - 00:00

De Schepenbuert yn Ljouwert krijt gjin ekstra tafersjoch fan de plysje. Dat is op in gearkomste mei it wykkomitee en de plysje besletten. Earder wie in oprop dien om wat te dwaan oan de eangst foar ynbraken en drugsoerlêst.

It docht bliken dat dieverij út hûzen tafalt. Der ferdwynt fral guod achter hûs, sa as kretten bier. De bewenners moatte dêr earst oanjefte fan dwaan, seit de plysje. De polityk hat oer de feiligens neat konkreets tasein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)