Personiel thússoarch hâldt baan

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan Thuiszorg Buro Holding yn Harns wurde oernommen troch soarchorganisaasje Zorgkompas. Dy garânsje krigen se moandei by in ynformaasjegearkomste yn Drachten.
Ferline wike waard it fallissemint foar de thússoarchorganisaasje oanfrege. De tachtich minsken dy't yn Harns wurkje, drigen op strjitte te kommen. It buro gie fallyt troch mismanagement. Wat mei it personiel yn Roden en Haren bart, is noch net dúdlik.