Grutte brân boppe Sinees Dokkum

© Omrop Fryslân
In grutte brân yn it sintrum fan Dokkum hat moandei foar tonnen skea oanrjochte by Kota Radja oan de Grote Breedstraat. Ek de elektroanikasaak dêrneist hat skea. De brân bruts út yn in wenning boppe de Sinees, dêr't 7 minsken wiene. Sy koene allegear feilich út it pân komme, lykas de gasten ûnder. In famke (7) is fan acht meter nei ûnderen sprongen en opfongen troch trije omstanners. Ek in frou rekke ferwûne.