Ynbraken oplost mei oanhâldings

09 feb 2004 - 00:00

De plysje hat mei de oanhâlding fan 6 jonges 8 ynbraken oplost. It giet om fiif jonges tusken 12 en 16 jier en ien fan 20. Trije fan har waarden trapearre by in ynbraak yn Winkelsintrum De Sintrale yn Ljouwert. Sy besochten doe mei geweld te ûntkommen en sloegen en bieten in befeiligingsman.

De fertochten operearren yn wikseljende gearstallings. Earder namen se út winkels oan de Nijstêd en Foarstreek ark en sieraden mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)