Europeeske kontrôle op it Frysk

09 feb 2004 - 00:00

Trije saakkundigen besjogge moandei oft Nederlân him hâldt oan de ôfspraken oer it Frysk. It giet dêrby om it saneamde Europeesk Hânfest foar minderheids- talen. Nederlân hat dat acht jier lyn ûndertekene. De Nederlânske steat moat genôch jild útlûke foar Fryske kultuer, Frysk ûnderwiis en Fryske media.

De saakkundigen fan 'e Rie fan Europa hâlde yn Ljouwert petearen mei fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy't de Fryske taal en kultuer stypje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)