Volleybal: Snits wint fan Vrevok
Yn de earedivyzje fan de volleybalkompetysje spilen de froulju fan VC Snits sneon thús tsjin Vrevok. It waard in maklike 3-0 oerwinning foar de Snitser froulju.
De setstannen wiene 25-19, 25-16 en 25-14. Konkurrint Donitas ferlear mei 3-0 fan Arke Pollux. Dat bringt de ploech fan trener Bert Jansma foarearst op it feilige achtste plak yn de earedivyzje.