Soleksbeurs op De Jouwer

08 feb 2004 - 00:00

Soleksleafhawwers koene sneon har hert ophelje op de Soleksbeurs op De Jouwer. Op de beurs wiene ûnder oare ûnderdielen foar de soleks te krijen. De solex is yn 1942 yn Frankryk betocht. Nei de oarloch binne der 100.000 makke yn Nederlân.

Oant de jierren '60 wie it ferfiermiddel populêr. Dêrnei waard it minder. De beurs wie organisearre troch soleksklub 'Altijd onderweg'. Se ha mear as 300 leden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)