Cramer 5e yn tussenstân WK

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer, dy't nei de ôfstannen fan sneon twad stie yn it klassemint, stiet nei de 1500 meter fyfde. Se waard op dy ôfstân njoggende yn 2.00,06. Yn it klassemint stiet Anni Friesinger no boppe-oan. De 1500 meter waard wûn troch Rodriguez yn in tiid fan 1.57,33.
By de manlju giet it der hurd oan ta yn Hamar. Jochem Uytdehaage is sneon diskwalifisearre, om't er syn ploechgenoat Carl Verheijen holpen ha soe yn de wedstriid.