Hearrenfean ferliest fan NAC

08 feb 2004 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 3-4 ferlern fan NAC. By rêst stie de fuotbalclub út Breda noch achter mei 3-1. Vos makke yn de slotfase it winnende doelpunt foar NAC, troch it benutten fan in strafskop.

Vos hie ek it earste doelpunt fan NAC foar syn rekken naam, ek fan in ôfstân fan alve meter. Foar NAC skoarden fierder Diba en Fehér. Foar Hearrenfean wiene Selakovic, Knopper en Sibon de doelpuntemakkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)