Aris wint fan ASVU
De Ljouwerter basketballers fan Aris wûnen sneontejûn ienfâldich fan hikkesluter ASVU mei 81-64. Benammen de Amearikaanske oanwinsten Justin Tatum en Lamont Randolph lieten it publyk yn sporthal it Kealledykje yn Ljouwert genietsje.
Troch de oerwinning bliuwt Aris de grutske koprinner yn de promoasjedivyzje.