Talma wint hurdrinnen Drachten

© Omrop Fryslân
Klaas Talma fan De Gordyk wie sneon fan iensume klasse by de heale maraton yn Drachten. De hurdrinner solearre by rein en wyn nei in tiid fan 1.17,33. Mei in achterstân fan 6 minuten en 39 sekonden kamen Marten Bekkema (Drachten) en Ed van der Steeg (Feanwâlden) tagelyk binnen.
De rin oer 11 kilometer levere in sege op foar René Jaasma. De earstejiers senior út Drachten lei 32 sekonden foar op plakgenoat Roderick Riesenkamp.