Nije styl advertinsjes provinsje

07 feb 2004 - 00:00

Mei in nije lay-out fan de personielsadvertinsjes wol de provinsjes tenei mear sollisitanten lûke. Yn de Volkskrant fan sneon stiet de earste advertinsje nije styl. De provinsje hat der foar keazen om de advertinsjes yn kleur ôf te drukken.

De teksten binne folle koarter as oars. Foar mear ynformaasje moatte gadingmakkers op de website fan de provinsje sjen. Yn de Fryske media wurdt in Fryske tekst brûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)