Ljouwert krijt Wynstrekefestival

07 feb 2004 - 00:00

De hiele binnenstêd fan Ljouwert wurdt yn it wykein fan 17, 18 septimber in poadium foar de blaasmuzyk. Under de namme Wynstrekefestival sil dan de blaasmuzyk ekstra ûnder de oandacht brocht wurde.

Yn de stêd, de teaters, op it wetter en op strjitte kinne minsken dan mei alle foarmen fan blaasmuzyk yn de kunde komme. Grutte publykslûker is Toots Thielemans dy't in konsert jaan sil yn De Harmonie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)