Fryske Akademy hat in tekoart

07 feb 2004 - 00:00

De Fryske Akademy yn Ljouwert hat in personielsstop ynsteld. De ynstelling foar wittenskiplik ûndersyk yn Fryslân komt dit jier, mar eins struktureel, 50.000 euro tekoart op de begrutting. It gat yn 'e begrutting betsjut dat der as der neat feroaret, mooglik minsken útmoatte. It is al wis dat tydlike krêften gjin nij kontrakt krije sille.

It probleem is neffens de direksje ûntstien omdat de Akademy te min jild krijt fan 'e KNAW en provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)