Van der Most wol krûtfabryk

07 feb 2004 - 00:00

Undernimmer Hennie van der Most fan Slagharen hat belangstelling foar it âld krûtfabryk fan Muiden Chemie yn 'e Kollumerwaard. Neffens Van der Most is it in goeie lokaasje foar in pretpark. Yn maart sil de ûndernimmer syn plannen beprate mei de gemeente Kollumerlân.

In pretpark yn 'e Kollumerwaard soe 75 banen opsmite kinne. It is bekend dat Van der Most in rûnlieding hân hat oer it kompleks, mar de man wie net berikber foar in fierdere taljochting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)