Baarderlân lûkt 15.520 minsken

© Omrop Fryslân
Teaterselskip Tryater hat in rekordtal besikers lutsen mei it stik Baarderlân. Dy foarstelling reizge yn 'e hjerst fan 2002 al troch Fryslân, mar de fraach nei kaarten bleau sa grut dat Tryater it stik yn reprise nommen hat yn it eigen gebou. It giet om in rige fan 15 ekstra foarstellings; freed en sneon binne de lêste twa.
Sneontejûn ha meiinoar 15.520 minsken Baarderlân sjoen. It toanielstik giet oer de teloargong fan 'e feehannel.