Snitser ôfparse mei kûgelbrief

06 feb 2004 - 00:00

In Snitser ûndernimmer is koartlyn ôfparse mei in kûgelbrief. Yn 'e brief waarden de man en syn húshâlding mei de dea bedrige en waard in grut jildbedrach eake. De ôfparser belle de Snitser op en sei dat er in slúf mei jild yn in jiskefet oan de âlddyk Snits - De Jouwer dwaan moast.

De plysje hat in 33-jierrige Snitser oanhâlden, nei't er de slúf út it jiskefet helle. Letter waard in Snitser fan 48 oanhâlden fanwege handiedigens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)