Hansma hâldt op fan fuotbaljen

06 feb 2004 - 00:00

Fuotballer Johan Hansma hâldt oan de ein fan it seizoen op as fuotballer fan it earste fan Hearrenfean. Hansma bliuwt wol by de klub; mei yngong fan 1 july sil er as akkount manager oan it wurk by de kommersjele ôfdieling fan 'e klub.

Hansma hat santjin seizoen betelle fuotbal spile. Hy begûn yn 1988 by (doe noch) PEC Zwolle. Hy stapte yn 1994 oer nei SC Hearrenfean. Hy makke meiinoar fyftjin goals foar de Feansters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)