Man bekent brânstifting Twizel
In 24-jierrige Ljouwerter hat bekend de brân yn Twizel oanstutsen te hawwen. Tiisdeitemoarn baarnde in wente by de tapytwinkel yn Twizel út nei twa ûntploffings. De winkel rûn hjirby flinke reek- en wetterskea op.
De plysje hat fuortendaliks nei de brân de Ljouwerter al oanhâlden op fertinking fan brânstifting. De man is in bekende fan 'e winkeleigner. It motyf leit neffens de plysje yn 'e relasjonele sfear. De man sit fêst.