Noordschok giet oer

© Omrop Fryslân
Metalfestival Noordschok dat op 11 april hâlden wurde soe yn Grins, giet dit jier net troch. It festival soe dit jier syn tredde edysje belibje, mar de organisaasje kin de kwaliteit fan 'e oare jierren net beneikomme. Reden om it festival oer gean te litten.
Stichting Fryslân Pop is ien fan 'e dielnimmende organisaasjes. Oare binne: Kunst en Cultuur Drenthe, De Oosterpoort en Keunstensintrum Grins. Takom jier is der wol wer in Noordschok.