Oerfal op Primera oplost

06 feb 2004 - 00:00

De plysje hat fjouwer manlju oanhâlden foar de oerfal op sigaresaak Primera yn Ljouwert, ein desimber. Dêrby waarden 2000 euro en sloffen sigretten meinaam. Twa jonges fan 16 en 18 jier en in man (26) binne oanhâlden. Ien fan harren is in útprosedearre Joegoslaaf. Woansdei waard in Iraniër (17) oanhâlden yn it azc fan Wytmarsum.

De trije jonges wurde ferantwurdlik hâlden foar de oerfal. De 26-jierrige soe meiwurke hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)