Reorganisaasje by justysje

06 feb 2004 - 00:00

De arrondissemintensparketten fan Ljouwert, Grins en Assen wurde gearfoege. Dat stiet yn de reorganisaasjeplannen fan it Iepenbier Ministearje.

Fan de njoggentjin arrondisseminten yn Nederlân bliuwe der tsien oer. Oft der minsken út moatte, is noch net dúdlik. By it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert wurkje hûndert minsken. Bekend is wol dat Ljouwert de grutte strafsaken hâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)