Twatalich bernesintrum Oerterp

© Omrop Fryslân
Bernesintrum De Spil yn Oerterp wol twatalich wurde. Dat is de útkomst fan in oerlis, tongersdei, mei de âlden fan 'e bern. Guon liedsters sille konsekwint Nederlânsk prate tsjin de bern en oaren altyd Frysk. Sa is it foar bern makliker twa talen te learen.
De Spil is ûnderdiel fan Timpaan; ien fan 'e twa organisaasjes foar Frysktalige of twatalige berne-opfang. De oare is Catalpa, dêr't de Stifting Pjutteboartersplak mei gearwurket.