Drugshannel yn Boelensloane

06 feb 2004 - 00:00

De plysje hat yn Boelensloane trije manlju oanhâlden, omdat se drugs by har hiene. It spul lei yn 'e auto dêr't se yn sieten en se hiene it yn 'e bûse. It giet om 30 gram kokaïne en in protte wyt. De trije fertochten, út de Harkema en Koatstertille, binne oppakt en harren auto is yn beslach nommen.

De plysje hâlde de manlju oan by in kontrôle. Yn Boelensloane waard al in skoft grute oer de drugshannel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)