5 gedichtetegels foar Opsterlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân hat fiif tegels mei koarte gedichtsjes krigen fan keunster Jan Loman. De fiif haiku's krije plak op De Gordyk en yn Beetstersweach. Loman groeide op op De Gordyk en wennet de lêste 41 jier yn Beetstersweach.
De no 85-jierrige Loman is syn hiele libben al keunstner, mar hy hat syn brea altyd fertsjinne as lânmjitter. It bekendste wurk fan Loman is nei alle gedachten it logo fan de Waadferiening.