Laserbehanneling Wyb Feddema

05 feb 2004 - 00:00

VVD-riedslid Wyb Feddema hat tongersdei op kosten fan de gemeente Ljouwert in laserbehanneling ûndergien om fan it smoken ôf te kommen. De behanneling fan in healoere soarget derfoar dat de smoker gjin nocht mear hat oan in sigaret.

Feddema smookte oant no ta in pakje deis. Hy is it iennichste riedslid dat him foar de behanneling opjûn hat. Wol ha 15 amtners fan de gemeente Ljouwert tongersdei in behanneling hân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)