Verdonk tsjin op Fryske stipe

05 feb 2004 - 00:00

Minister Verdonk fan Frjemdlingesaken soe it in minne saak fine as de provinsje Fryslân beslute soe om organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei útprosedearre asylsikers, finansjeel te stypjen.

Deputearre Mulder sei woansdei as antwurd op in moasje dat alle fersiken om jild foar asylsikershelp apart besjoen wurde sille. Op dit stuit is der noch gjin fersyk om subsydzje by de provinsje yntsjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)