'Undersyk needsaak Klaverblêd'

05 feb 2004 - 00:00

Nei de needsaak fan de oanlis fan it bedriuwepark Klaverblêd Noardeast op It Hearrenfean moat in ûndersyk komme. Dat fynt de riedsfraksje fan D66. De gemeente sei dat oankeap en oanlis fan it park nedich wie om plak te meitsjen foar lytse bedriuwen.

Dy koene net nei it ynternasjonale bedriuweterrein IBF, om't de kavels dêr te grut binne. Ferdieling fan de kavels soe gjin opsje wêze om't de subsydzje foar it IBF dan werombetelle wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)