Kreakers út gebou Ampèrestrjitte

© Omrop Fryslân
Fjouwer kreakers binne tongersdeitemoarn betiid troch de plysje út in gebou oan de Ljouwerter Ampèrestrjitte helle. It giet om in 19-jierrige man ôfkomstich út Mitselwier, in 17-jierrige famke út Ljouwert, in 18-jierrige Ljouwerter en in ynwenner fan Snakkerbuorren (17).
Se binne alle fjouwer oanhâlden. In 33-jierrige man út Jelsum hat oanjefte dien.