Smookregels doarpshuzen ûndúdlik

© Omrop Fryslân
Behearders en besikers fan doarpshuzen witte hast net mear hoe't it sit mei de nije smookregels. Is sa'n doarpshûs in iepenbiere gelegenheid, dan is it smoken ferbean. De mieningen ferskille.
By de stichting Doarpshuzen Fryslân komme hieltyd mear fragen binne oer wat wol en net mei. Behearders dy't de fraach foarlein ha oan de Stichting Stivoro krije allegear ferskillende antwurden, wylst dy stichting krekt de regels útlizze moat.