Thússoarch Westergo Harns fallyt

05 feb 2004 - 00:00

Thússoarch Buro Holding BV, mei ûnder oaren de festiging Westergo yn Harns, freget it fallissemint oan. Troch in administrative gaos is in tekoart ûntstien fan sa'n 2 miljoen euro. Dy skuld is te heech om noch fuortwurkje te kinnen.

Neist de festiging yn Harns mei 100 wurknimmers, sit de thússoarch ek yn Haren, Odoorn, Roden en Selwerd. Hoe't it mei it personeel komt is noch net dúdlik. De soarch giet gewoan troch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)