Kattemepper Bûtenpost wer aktyf?

© Omrop Fryslân
De kattemepper fan Bûtenpost is wer aktyf. Yn de wyk Molenerf waard woansdei in sike kat fûn dy't letter deagie. De bistedokter is der hast wol wis fan dat it bist fergiftige is. De eigners fan de kat hawwe oanjefte dien.
De minsken fan de buert dêr't de kat fûn is, tinke dat de fergiftiging it wurk is fan deselde kattehater dy't ferline jier aktyf wie. Yn de perioade maart-augustus waarden yn de boskjes fan Molenerf doe seis deade katten fûn.