Oanhingwein mei gemysk ôffal fûn

04 feb 2004 - 00:00

De plysje hat oan de Poostwei yn Beetstersweach in oanhingwein fûn mei dêryn gemysk ôffal. De wein wie troch syn assen sakke en is miskien dêrom achterlitten.

It ôffal komt mooglik fan in xtc-laboratoarium. De plysje siket dêrom minsken dy't sjoen hawwe wa't de wein achterlitten hat. Tsjûgen kinne belje mei 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)