Fiif smookklachten út it Noarden

04 feb 2004 - 00:00

De Keuringstsjinst fan Waren hat oant no ta mar fiif klachten út it Noarden krigen oer it smookferbod op it wurk. De tsjinst kontrolearret it ferbod. It giet om serieuze klachten, dêr't de tsjinst ûndersyk nei dien hat.

De wurkjouwers dêr't it om giet krije in skriftlike warskôging. Oer in pear moanne wurde se dan opnij kontrolearre. Is der dan noch gjin ferbettering, dan krije se in boete dy't oprinne kin oant 2400 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)