Drokke demonstraasje ferwachte

© Omrop Fryslân
By de demonstraasje tsjin it útsetbelied fan minister Verdonk tongersdei yn Ljouwert wurde in soad minsken ferwachte. Ut ferskate plakken yn Fryslân wei sille bussen ride nei de byienkomst. Oant no ta hawwe har acht bussen meld by de organisaasje.
Haachske politisy hawwe ek tasein nei de Grutte Tsjerke te kommen. De manifestaasje tsjin it asylbelied is organisearre troch ûnder oaren flechtlinge-organisaasjes en tsjerken.