Wetterpeil yn Fryslân sakket

© Omrop Fryslân
It wetterpeil yn Fryslân is tiisdei mei gemiddeld fjouwer sintimeter nei ûnderen gien. It wetterskip hat sa'n 22 miljoen kuub fuortwurke. Trettjin miljoen dêrfan is fia de gemalen it Waad opspuite, de rest yn de Iselmar.
Omdat foar de kommende dagen minder rein ferwachte wurdt as earder tocht, is de kapasiteit fan it Woudagemaal yntusken nei ûnderen brocht. It Wetterskip is foarsichtich optimistysk oer de situaasje yn de provinsje.