Bercoop Bank ferkeapet oandiel

© Omrop Fryslân
De Fryslân Bank keapet in belang fan sa'n 25 prosint yn de Bercoop Bank fan Aldeberkeap. Beide banken binne dat oerienkaam. Al sûnt 1998 wurke de bank al nei in gearwurking ta om sa de groei fan Bercoop feilich te stellen.
De lytste selsstannige bank fan Nederlân dy't al 102 jier bestiet, ferliest dêrmei in grut part fan dy selsstannigens. De klanten sille der lykwols net folle fan fernimme, sa tinkt direkteur Jongebloed.